© Rosa van Ederen - http://www.rosavanederen.nl/
‘Yn ’t deistige fine jo de blues’
Tsead Bruinja is in Fryske dichter dy't al jierren yn Amsterdam wennet. Mar doe't er yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands wie, woe hy syn wurkfjild perfoarst net ta de haadstêd beheine. Ferbining mei minsken dy't er by syn literêre optredens net sa faak tsjinkomt, dat wie syn doel. En hy besleat dy yn it Heitelân te sykjen.
Troch Janna van der Meer
Tsead: ‘Ik sjoch yn myn deistich libben net folle âlderen en dat fyn ik spitich. Se hawwe safolle te fertellen. Ik woe har portretten meitsje, yn poëzij, muzyk en byld. Sa kaam ik út by minsken fan boppe de tachtich.’
Tsead betocht dat yn 2019 en wurke it idee út tegearre mei Dasja Koot. Hy woe nei alve soarchynstellingen gean en frege muzikant Arnold de Boer (artystenamme Zea) en fotograaf Rosa van Ederen om harren gearwurking. Dêrneist waard kontakt socht mei oare dichters, om in pool fan gastdichters te krijen. Sa wie der neist it fêste team fan trije artysten alle kearen in gastdichter oanwêzich.
Underweis
Tsead moete Rosa by Poetry International Rotterdam. Se wie fan de organisaasje. Dêrnei hat se ek in kear portretfoto's fan him makke. Arnold spilet gitaar en sjongt yn undergroundband The Ex. Hy lies De wizers yn it read, de earste Frysktalige bondel fan Tsead, en fûn dy sa prachtich dat er kontakt mei him socht. Doe frege er Tsead om in festifal yn Nijmegen te presintearjen en sûnt binne se in protte tegearre ûnderweis. Sa sjongt Arnold bygelyks by boekpresintaasjes fan Tsead.
It portretteprojekt waard in partisipaasjeprojekt mei poëzy yn in ferbinende rol. It kaam mei fjouwer slagge edysjes wol fan ’e grûn, mar troch corona en de lockdowns moasten de artysten der te betiid mei ophâlde. Gelokkich woe Leeuwarden City of Literature it projekt trochsette.
En sa barde it dat yn 2022 Tsead, Arnold, Rosa en kollega-dichters dochs noch de soarchynstellingen besochten. Fan septimber ôf gongen se op ’en paad en sprutsen se wiidweidich mei de bewenners. Uteinlik binne der 44 portretten makke. De gemid- delde leeftiid fan de portrettearre minsken wie likernôch 86 jier.
Sûkerlatte
‘Wy wiene twa dagen per soarchynstelling oanwêzich’, fertelt Tsead. ‘De aktiviteiteliedster hie altyd fjouwer dielnimmers foar ús selektearre. Dêr waarden wy oan keppele. In proses dat hiel boartlik gie. Noflik by de kofje mei oranjekoeke of sûkerlatte.
Ja, de kontakten gongen eins fansels. En it praten barde net allinnich op ’e stoel. As it mooglik wie, giene wy der op út. De middeis fan de twadde dei wie de foarstelling. Dan presintearren wy de foto's, ferskes en gedichten. It wie in tige yntinsyf proses. Oan de teksten wiene wy noch oant nachts let dwaande.’
Rosa: ‘Ik vond het ontroerend dat de mensen die voorstellingen zo belangrijk vonden. Dat merkte je aan alles. Er was ook altijd veel familie en personeel aanwezig. Die laatsten kwamen zelfs als ze vrij waren. Sowieso merkten we dat het zorgpersoneel en de vrijwilligers enorm bij de bewoners betrokken zijn. Ze doen echt hun uiterste best om ze zo veel mogelijk aandacht te geven.’
Arnold: ‘Oandacht is altiten goed foar in minske, mar wy hawwe harren artistike oandacht jûn. Wy seagen en lústeren nei dy âlderen as keunstners en dat wie nij. It joech in frisse blik, soms in nij ynsjoch. "Wy sille jim misse!" ha wy faak heard.’
Heakje
Rosa: ‘Ik maak geen gewone foto’s, maar probeer als fotograaf een verhaal in beeld te brengen. Soms was dat even wennen, of zelfs confronterend, maar de mensen waardeerden het wel. Ook ging ik met ze op pad. Bijvoorbeeld naar een plek waar iets speciaals in hun leven was gebeurd, dat kon iets heel kleins zijn. Zo vertelde een mevrouw mij over de zwaluwen in haar leven en dat er een haakje op de schuurdeur van haar ouderlijk huis zat, zodat deze niet dicht kon vallen. De zwaluwen moesten namelijk vrijelijk in en uit kunnen vliegen. Ik ben toen met haar, in de taxibus, naar dat huis gereden. Het haakje was er nog steeds, dat hebben we gefotografeerd.’
© Rosa van Ederen - http://www.rosavanederen.nl/
Spegel
Arnold: ‘Ik spegele se. Liet har harren libben op in nije manier sjen. Yn har beskiedenens, typysk foar dy generaasje, tochten se faak dat har ûnderfiningen net de muoite wurdich wienen. Alteast net spesjaal genôch om in ferske fan te meitsjen. Mar ik fyn it just moai om it lytse grut te meitsjen, it grutte ferhaal yn it lytse sjen te litten. Under in kuier spruts ik mei in frou oer har yntinse striid mei Parkinson. Dochs neamde se ek hyltiten moaie dingen. Se bleau dy sjen, hoe dreech it libben ek foar har wie . Doe’t ik dêr jûns in ferske oer makke, moast ik it faak oefenje, om foar te kommen dat ik de oare deis, by de presintaasje, folsjitte soe. Dy generaasje waard berne yn ’e krisis fan de tritiger jierren, belibbe de oarloch, de wederopbouw. It binne hurde wurkers. Wy praten in protte mei boeren, boere- arbeiders en supersterke froulju, dy't faak beheind wiene yn har ambysjes en mooglikheden. Se mochten net safolle. Ik ha faak spyt heard yn ’e ferhalen. Mar dy minsken kleie net.’
Tsead: ‘De rol fan it leauwen wie faak grut yn it libben fan de minsken dy’t ik spruts. En dêrneist de mienskip. Se hawwe meastal in protte frijwilligerswurk dien. Ik fûn it ek bysûnder dat se faak sa lang troud wiene. Of in hiel lang houlik hân hienen. Ik bin sels skieden, dus dat wie soms konfrontearjend, mar ek hiel moai. Der waard bygelyks opfallend faak oer de earste moeting ferteld. Oer hoe’t se inoar fûn hienen. It makket neat út dat dat mear as sechtich jier lyn bard is. Dy ferhalen wurde noch altyd as wichtich beskôge en mei in protte wille ferteld.’
Rosa: ‘Ik vind de gezichten van oude mensen prachtig. Je ziet er een heel leven in terug. Mensen willen ook graag praten, merkte ik. Ze hebben veel meegemaakt en dat deelden ze graag met ons.’
Taal
Arnold: ‘Om in ferske te meitsjen, gong ik op syk nei de poëzy en muzyk yn it libben fan dy âlderen. Dêr makke ik dan de fer- haalline fan. Der wie bygelyks in man dy’t yn syn libben gauris wat útwiksele hie. Lytse en grutte dingen. Sels it famke dat letter syn frou waard, hie earst ferkearing mei syn freon. Se ha ruile! Dat ruiljen meitsje ik dan ta tema.
Taal spilet ek in rol. Jo prate in pear oeren mei ien en dan bliuwe bepaalde útspraken hingjen. Ik herinnerje my bygelyks: “Der binne in protte dingen dêr’t de doarkes fan iepen kinne.” En: “Wy krigen in twilling. Dat wie it klûntsje bûter yn ’e brij.” Soks nim ik dan op yn it ferske.’
Tsead: ‘Ik besocht harren taal ek safolle mooglik yntakt te hâlden yn de gedichten dy’t ik makke, om harren persoanlikheid better út te drukken. Dy minsken prate trouwens in liniger Frysk as wy. Der itte minder hollanismen yn. Moai fyn ik dat! Dêrneist, ik kom út de Wâlden. As minsken in oar dialekt praten, woe ik dat hearre litte yn it gedicht. De gedichten binne dus hiel oars wurden as hoe't ik se gewoanlik skriuw, folle mear sjoernalistyk en columnysk. Ik wie de ferslachjouwer en liet my as sadanich ek sjen yn ’e gedichten.’
© Rosa van Ederen - http://www.rosavanederen.nl/
Gewoan
‘Ik fyn fral it gewoane nijsgjirrich’, giet Tsead fierder. ‘Jo fine de blues yn it deis- tich libben. Dêrmei bedoel ik in soarte fan “zenblues”, it spirituele mankelike of it mankelike spirituele fan it deistige. In man fertelde my oer syn libben as net-leauwi- ge. Hoe’t hy altiten stribbe nei it freonlike, it sêfte. Sa moai. Ik moast derfan gûle. Ik hearde ek gauris oer it fersoargjen fan in partner. Dy leafdefolle tawijing…
Myn sicht op de âlderein yn it algemien is net feroare, mar doe't corona útbriek en in protte fan dy minsken isolearre waarden, begriep ik better wat dat foar harren bet- sjutte. Ik hie no gesichten en ferhalen by wat eartiids in diffuze groep wie.
Myn sicht op ’e skiednis is wol feroare. Dêrom moat der ek in twatalich boek, mei cd, fan dit projekt komme, fyn ik. Om al dy ferhalen, bylden en ferskes te bewa- rjen. Se jouwe in byld fan in generaasje, fan ús sosjale skiednis. En dat is foar folle mear minsken fan belang.’
Janna van der Meer is sjoernalist, fotograaf en dichter
yn it earste eigen hûs fan heit en mem
hé jong met die smirge bonken fan de trap ôf
dat doen jim thús ok niet sei klaske op har santjinde
tsjin de dútske soldaat dy’t har heit begjin 45 heljen kaam
om yn assen te greppeljen
heit hie foar de oarloch wurk foar har fûn op in grut stik lân
dêr’t se om seis oere moarns mei in ierappelskyldersmeske
it ûnkrûd tusken it flaaks fuortsnijde
de hiele dei wie se allinne
om tsien oere wie it thús waarm iten
om healwei trijen krige se tee
seis oere jûns wie it wurk dien
in pear kear hat se yn assen west
om heit in tromp pankoeken te bringen
en in flesse molke dy’t se ûnderweis
by in boer helle
de lêste kear dat der ien
by harren út de húshâlding wei dy kant op gie
wie it har âldste suster aaltsje
om sân oare stuts aaltsje ôf op `e fyts
om 12 oere wie se yn drachten en om in oere ôf 5
wie se te plak yn in sikehûs yn assen
de oare deis gie heit achterop by aaltsje
mei de pleuris yn it liif
se wie aardich tenein doe’t se thúskamen
hat in dei of wat op bêd lein
© Tsead Bruinja
Boarne: De Moanne
Mear oer ús projekt op: https://leeuwardencityofliterature.nl/project/portretten-in-poezie/