Geen diploma
Tot zijn negentiende woonde Tsead in Kollum. Daarna verruilde hij het Friese dorp voor de stad Groningen, waar hij Engelse taal- en letterkunde ging studeren. ,,Ik hie wat mei it Ingelsk. Ik skreaun ek yn it Ingelsk en ik lústere altyd nei Ingelsktalige muzyk, lykas de Doors, Pink Floyd en Marillion, wat noch altyd myn favorite band is.’’ Pas daarna is hij Frysk gaan studeren en hij bracht in 2000 zijn eerste (Friestalige) bundel uit: De wizers yn it read. Zijn diploma heeft hij nooit gehaald. ,,Dêr studearre ik net foar. Ik studearre om boeken te lêzen en om sa better te wurden yn it Ingelsk en yn it Frysk.’’
Eerste goede gedicht
Dichten is voor Bruinja een vorm van nadenken. Het ene roept het andere op. ,,It hâldt my dwaande en it jout my frijheid. Myn earste echt goeie gedicht gie oer ús mem. Ik wit noch dat ik mei ús mem lâns in steech mei in hage fytste. Sy wie doe al siik. Der fleach in fûgeltsje ûnder dy hage wei. In klyster. Mem sei: ‘Ik woe dat ik dat fûgeltsje wie, dat ik fuortkrûpe koe’. Dat wie ien fan de earste gedichten dy’t ik foardroegen ha op in poadium. En ik fernaam dat minsken der troch rekke waarden. Eins ha ik myn karriêre te tankjen oan it libben, de sykte en de dea fan ús mem. Noch altyd ha ik in sterke anekdoate nedich om in gedicht te meitsjen.’’
Mooie tijd in Oostrum
Na het overlijden van zijn moeder had Tsead grote steun aan zijn pake en beppe in Oostrum, vlakbij Dokkum. Zijn oom en tante hadden de boerderij al overgenomen en Tsead speelde er veel met zijn nichtjes. ,,It waaide dêr altyd, wy dronken molke út ‘e tank en rôlen fan ‘e terp ôf. O ja, en ik wit noch dat myn pake en beppe altyd lijen hienen. Mar ik sjoch foaral werom op in gesellige tiid. It heart by myn jeugd. Eins bestiet myn jeugd út trije parten. Yn it tredde part troude myn heit op ‘e nij en kaam syn frou mei twa soannen en in dochter by ús wenjen.’’
‘Frysk is in moaie taal’
Sinds zijn debuut publiceerde Bruinja dertien bundels, zowel in het Nederlands als in het Fries. ,,Der wiene net safolle jonge dichters yn Fryslân. Dat hat my holpen. Dat ik ek yn it Frysk skriuw, makket my in bettere dichter. Frysk is in moaie taal. It ronket wat mear as it Nederlânsk. It is de taal dy’t ticht by mysels stiet. De taal dy’t ik prate mei heit, mem, pake en beppe. Mar ek yn de Ringobar en yn ‘e supermerk dêr’t ik froeger efter de kassa wurke. Dat fûnen minsken mar frjemd, in jonge efter de kassa. Se fûnen al gau dingen frjemd.’’
Myn folk
Dat Tsead in zijn jonge jaren met een lange jas en lang haar door de Voorstraat in Kollum fietste, vonden mensen ook maar raar. ,,Minsken út dizze regio hâlde graach fêst oan it âlde, dat sjochst wol oan de swarte piten. It gedicht dat ik dêroer skreaun as Dongeradichter waard my net yn tank ôfnaam. Mar eins moatst minderheden itselde behannelje as it Frysk as minderheidstaal. Wy wolle ús eigen tradysjes beskermje, mar dat betsjut datsto ek oaren de romte jaan moatst.’’ Dat hij het gedrag van mensen uit Noardeast-Fryslân over het algemeen conservatief vindt, wil niet zeggen dat hij er een hekel aan heeft om hier te zijn. Integendeel. ,,Ik fiel my hjir thús. De waarmte en de humor fan de mins- ken is bysûnder, it is wol mýn folk. Myn konservative folk.’’
