« december 2019 | Hoofdmenu | februari 2020 »
De Fries-om-utens wennet yn Amsterdam, mar nimt yn Nijmegen de tele-foan op. Dêr wennet syn freondinne. In nije leafde? „Al hast in jier”, fertelt Bruinja, „sy komt al yn in stik as fjouwer gedichten foar.”
Hy is dwaande mei it neisjen fan de einopdrachten fan syn studinten fan de oplieding Creative Writing oan de ArtEZ yn Arnhim. Ferline jier hie er it ek drok: tusken Kryst en âld-en-nij wurke hy oan syn debútgedicht as Dichter des Vaderlands. „Net ien, mar trije ha ik yn dy dagen skreaun. Dy stjoerde ik nei it NRC, dêr’t ik in eigen redakteur foar myn gedichten ha. Syn kar foel op voor volk en moederland.” Dat fers begjint mei ‘nederland je gaf mij een dubbele tong’. In rigel dy’t te ynterpretearjen falt as ferwizing nei de twataligens fan de dichter, dy’t sawol yn it Frysk as Nederlânsk publisearret.
Hoewol’t er tige produktyf is, fielt er wol de druk dy’t by de bysûndere funksje heart. „Do bist twa jier lang yn tsjinst, fulltime, der kin altyd wat wêze dêrsto in gedicht oer skriuwe moatte soest. Bist altyd alert. Dy ferantwurdlikheid fernim ik wol.” Krekt dêrfoar wie er as Dongeradichter yn tsjinst fan de eardere gemeente Dongeradiel. „It wie eins hiel fijn dat dat hjir oan foarôfgie. Ik ha leard om om te gean mei it tempo en de krityk. Moatst dyn tiid goed brûke. Ik tink dat ik mei in gedicht as Dichter des Vaderlands ûngefear fiif, seis oeren effektyf oan it wurk bin. Dat heart derby. De helte fan de gedichten is okee, de oare helte ... mwah.”
Op 19 desimber ferstoar ûnferwachte de Rotterdamske dichter Jules Deelder. Dyselde jûns siet Bruinja al as Dichter des Vaderlands yn it NOS Radio 1 programma Met het oog op morgen. Hy wie op it momint dat hy hearde fan Deelder syn ferstjerren yn Den Haach, yn de Koninklijke Bibliotheek. ,,Myn freondinne appte, sa kaam ik derachter. Dy jûns soe ik nei in toanielstik, mar dat gie net troch. Ik naam kontakt op mei it NRC, om te freegjen oft se wat woenen. Fuortendalik dêrnei belle Met het oog op morgen.”
Yn de trein werom nei Amsterdam begong hy nei te tinken oer in tekst. ,,Lies Facebook updates, lies gedichten dy’t Rotterdamske dichters al presintearren. Wat dy skreaune, dat hoegde ik net mear te sizzen, sa koe ik my op myn eigen ideeën rjochtsje. Ik ha besocht om wat fan Jules Deelder sels yn it gedicht te ferwurkjen. Ik skriuw graach yn ien adem, yn de toan fan it momint. De sfear fan de dei sels sit dan yn de wurden.”
Weromsjend op syn earste jier as Dichter des Vaderlands, falt op dat er foaral skreaun hat oer minsken dy’t ferstoarn binne, of nei oanlieding fan oangripend nijs. „Rougedichten, of betinkingsgedichten, dat heart derby. Ik ha gjin sketsen klearlizzen, lykas men op guon redaksjes rekken hâldt mei wa’t ferstjerre kinne. It giet om mear as dichtsjen allinne. Soms ha ik it wat langer oan tiid, dan lês ik my yn, belje en praat mei minsken. Sa ha ik krekt in gedicht skreaun foar de betinking yn Westerbork op 22 jannewaris. It is dan 75 jier lyn dat it kamp befrijd is.”
Foar takom jier steane fierder noch gjin optredens op de aginda, mar dat seit neat. „De measte opdrachten komme koart yn’t foarren. Mei it lesjaan derby, de projekten dy’t rinne, ha ik it no wol sa drok dat ik dizze tiid net oan persoanlike, eigen fersen takom.”
Yn de Koninklijke Bibliotheek wurket Bruinja oan in blomlêzing fan gedichten út Nederlânske streektalen, ien fan syn projekten. Fyftjin jier lyn stelde hy (mei Hein Jaap Hilarides) de Fryske blomlêzing Dream yn blauwe reinjas gear. Diskear is der gjin plak foar it Frysk. „Nee, gjin Frysktalige gedichten, en ek net yn it Nederlânsk. Dêr binne al blomlêzingen fan. Mar bygelyks wol gedichten yn de Fryske streektalen, it Bildtsk of Stellingwerfsk, of de eilanner streektalen. It projekt rint, mar it freget in soad tiid. Eins ha ik ferlet fan fertsjinwurdigers, of ambassadeurs fan de streektalen om te helpen.”
In diel fan syn wurk yn tsjinst ferskynt op de Dichter des Vaderlands-webside. Dêr steane lang net alle gedichten op. In fers oer Pier Pander, skreaun foar it Histoarysk Sintrum Ljouwert, ûntbrekt bygelyks. „Miskien dat guon dy’t der no net bysteane noch tafoege wurde, lykas it Pier Pander-gedicht. Fierder brûk ik Twitter, Facebook of myn eigen blog, dêrmei berik ik minsken makliker. Allinne de gedichten dy’t yn NRC publisearre wurde, steane op de offisjele webside. Der sit wol in gedachte achter. Foar guon opdrachtjouwers giet it miskien tefolle om de fergese publikaasje yn NRC. In foarbyld: fan ’t jier bin ik frege fanút de snackyndústry om in gedicht te skriuwen nei oanlieding fan de snackschaamte. It fielde as in soart fan reklame eins. Dy opdracht ha ik net oannommen.”
Der kin altyd wat wêze dêrsto in gedicht oer skriuwe moatte soest. Bist altyd alert
Bruinja sette al jong mei it skriuwen fan fersen út ein. Sawol de Dichter fan Fryslân (Nyk de Vries), de Wâlddichter (Arjan Hut) as de Dichter des Vaderlands, ha op it Lauwers College yn Bûtenpost sitten. „Dêr soe it Lauwers wol wat mei dwaan kinne”, laket Bruinja. ,,Ik wie al oan it
skriuwen doe’t ik yn de fjirde klasse op it Lauwers kaam. Yn it Ingelsk noch. Ik fûn it in fijne skoalle. Mear myn slach minsken, wâldpiken. Der waard mear Frysk praat, it wie allegear folle Frysker as op de skoalle dêr’t ik weikaam. De dosinten wiene gemoedliker, stiene ticht by de learlingen.”
Syn gedichten as Dongeradichter binne net apart as bondel ferskynd, hy is ek net fan doel om syn wurk as Dichter des Vaderlands apart út te bringen. „Se komme yn myn eigen bondels, as se goed binne, en by de tematyk passe.”
Eeltsje Hettinga, earste Dichter fan Fryslân, wol gjin bondels mear útjaan. Syn sammele wurk as provinsjedichter ferskynde by gelegenheid as krantebylage. Der binne mear dichters dy’t it doel fan it bondeljen net mear sjogge, bygelyks fanwege de beheinde kommersjele mooglikheden. Bruinja sjocht noch altyd muzyk yn bondels. „As 200 minsken dyn bondel lêze, dan is dat genôch om it foar te dwaan. Foar in part skriuw ik it ek foar mysels, net allinne foar de lêzer. Ik sjoch werom op wat ik skreaun ha, meitsje dêrút in kar, der ûnsteane skiften. It is spannend, fyn ik, om in ôfdieling te meitsjen, om te sjen oft dat slagget.”
Nei in album tawurkje is leafdewurk, seit er. ,,It is te ferlykjen mei in meitsjen fan in konseptalbum yn de muzyk. Ik meitsje in mapke mei alle nije fersen. Dy nim ik mei nei foardrachten. De reaksjes fan oaren kinne my op ideeën bringe, litte my op in oare manier nei myn eigen gedichten sjen. By it lûdop lêzen hear ik oft der muzyk yn sit. Oft it muzikaal sjoen wat docht, dat is belangryk foar my, net allinne wat der stiet. Ik bin der net oan ta om ôfskie te nimmen fan it bondelmeitsjen, al hie ik gjin útjouwer, dan noch soe ik sa wurkje.”
Fan ’t jier ferskynde Ik ga het donker maken in de bossen van ... It is syn earste by de nije útjouwer Querido. Foar syn Frysktalige wurk sit Bruinja al in skoftke by de Afûk. Hy is oer beide útjouwers goed te sprekken. „Foar de nije bondel woe ik in oare oanpak, mar myn eardere útjouwer wie dêr huverich foar. Ik woe bygelyks gjin sidenûmers, gjin bio of ynhâldsopjefte, en hie in byld yn de holle foar it omslach. Mar de titel soarge al foar gedoente. Yn promo’s seach ik hieltyd ‘Ik ga het donker maken in de bossen’, sûnder ‘van’ derachter.”
In flater, miende hy earst. ,,Mar it wie mei opset sin: it like de útjouwer better ta. Ik wie alris beneiere troch Querido, sa fan, ast nochris wat oars sikest, kom dan earst by ús. Ast in ôfbylding foar it omslach wolst, krijst meastal in ‘stockphoto’. Mei tank oan Querido ha ik it skilderij Die Erwartung (Richard Oelze, 1936) op it omslach. Skande eins om dêr allegear tekst op te goaien. As it oan my lein hie, dan hie myn namme ek net ûnder de titel stien, krekt as by In the court of the Crimson king (debútalbum fan de progressive rockband King Crimson út 1969, red.).”
Ek by de Afûk fielt er him thús. ,,Utjouwerijen dy’t de nekke útstekke doare, dat soarget ek by skriuwers foar mear entûsjasme. As ik by foardrachten Stofsûgersjongers meinaam (makke mei foarmjouwer Monique Vogelsang) dan woene minsken dêr earder in eksimplaar fan ha, ek omdat it boek moai en bysûnder fersoarge is.”