Troch Rennie Veenstra
Mei harren saneamde ‘Skuorre- en Tsjerketoer’ diene âld-Dichter des Vaderlands en earder âld-DongeraDichter Tsead Bruinja en sjonger Arnold de Boer sneontejûn de Mariatsjerke yn Foudgum oan.
De dichter en de sjonger – Arnold is as solist oerbleaun fan de band Zea – wenje yn Amsterdam, mar binne Friezen fan komôf en bringe mei syn beiden dan ek in Frysktalich programma foar it fuotljocht.
© Sjoerd Hania
Hja dogge dat ûnder de paraplu fan Explore the North en Popfabryk en bringe respektivelik harren nijste dichtbondel en cd yn de publisiteit.
Hoewol’t de publike belangstelling yn Foudgum net sa grut wie, hiene Tsead en Arnold in soad nocht oan harren optreden en hiene se persoanlik kontakt mei eltsenien. Fragen krigen antwurden en koarte petearen kamen op gong.
It sprekt fansels, dat it yn sa’n sfear noflik musisearjen en foardragen wie.
Foar in part diene de artysten elts harren eigen ding, mar der wie ek sprake fan gearwurkjen mei elkoar.
Arnold song lieten fan syn cd ‘Witst noch dat der neat wie’ en begûn mei it titelnûmer wêryn’t in pracht fan in tekst en hiele moaie gitaarpatroanen om it hurdst stride.
Fan yn it ear springende gitaarpatroanen kaam it ek by alle oare nûmers, eigen kreaasjes like goed as in Fryske oersetting fan Brels ‘Ne me quitte pas’ (‘Gean net by my wei’).
Arnold syn teksten makken nijsgirrigens los. Benammen wêr’t it mear om de klank as om in dúdlike artikulaasje gyng.
Syn ynteresse yn teksten slút prachtich oan by dy fan Tsead. Dizze lies sneontejûn poëtyske teksten foar út syn bondel ‘Ynbêde’/’Ingebed’. It wiene oer it generaal troch him optekene ferhalen fan âlderen yn fersoargingstehuzen. Oantinkens oan in heit, in heitelân en bernejierren kamen op dizze wize foarby.
Syn mem, syn hûn en it wenplak fan syn pake en beppe krigen ek oandacht en elts stik poëzij late er mei in oangenaam stikje proaza rjochting syn taharkers yn.
In inkeld gedicht waard troch Tsead útsprutsen op begeliedende gitaarakkoarden en krige dêrtroch in bisûndere timing.
Arnold soarge der yn sa’n gefal foar, dat er Tsead net oerstimde en sa waarden tekst en muzyk in goed gehiel.
Fan twa keunsten ien meitsje, dêr liek it de beide mannen by it tegearre oparbeidzjen om te gean en dêryn slaggen se ek tige.
Wat in tref om in muzikant te moetsjen mei gefoel foar poëzij en in dichter mei gefoel foar muzyk.
Boarne: De Nieuwe Dockummer Courant, 2022