Troch Vincent Meininger
Muzikant Zea (Arnold de Boer) en dichter Tsead Bruinja, twa Amsterdamske Friezen om utens, reizigje mei nij wurk nei Fryslân foar in skuorre- en tsjerketoer. Mei allinnich in akoestyske gitaar en wat dichtbondels litte sy yn it Atrium yn Snits hearre hoe’t taal in brêge slacht tusken harsels en de wrâld.
Om’t wrâldreizger Arnold de Boer yn de koroanapandemy net fan hûs koe, helle hy de wrâld mar yn hûs. Foar it twadde Frysktalige album fan syn soloprojekt Zea, Witst noch dat d’r neat wie , binne de lietteksten oerset nei ferskate eksoatyske talen dêr’t in konneksje mei is, lykas Sranantongo (Surinaamsk) of Wǔhànhuà (dialekt fan it Mandaryn Sineesk, sprutsen yn Wuhan). Hy wurke gear mei muzikanten út binnen- en bûtenlân.
Foto: David de Lange - https://www.daviddelange.com/
Dizze sneontejûn yn it Bolwerk yn Snits binne de teksten yn it Frysk. Om’t De Boer sûnt syn foarige album Moarn gean ik dea, yn syn memmetaal skriuwt, komt syn poëtyske wurk noch tichter by dat fan syn freon en stedsgenoat Bruinja, dy’t krekt de twatalige dichtbondel Ynbêde / Ingebed útbrocht hat.
Bruinja lêst hjirút foar. Syn moetings mei senioaren yn âldereintehuzen binne oandwaanlik. It ferhaal fan âld-timmerman Auke út Feanwâlden yn de kriich boude syn heit in geskutskoepel yn Frankryk dy’t de ferkearde kant op stie, rekket ek noch oan syn eigen famyljeskiednis. Dizze anekdoatyske poëzij mei geastige observaasjes lient him goed foar foardracht op `e planken.
Bert Schierbeek
It abstrakere wurk fan Bruinja past dan wer moai by De Boer syn oersettings fan de eksperimentele Fyftiger Bert Schierbeek. De wurden fan ‘Doar’ wurde skakato opsein, begelaat troch raffinearre gitaarspul. De muzikus hâldt it jûn minimalistysk, lykas op syn nije album. Hy toant him in fernimstige begelieder, dy’t neist de snaren ek it hout fan syn ynstrumint wit te bespyljen. Mei in enerzjike útfiering fan ‘Fuort’ in knypeach nei de koroanaperioade, lit er hearre datst mei in akoestyske gitaar ek flamje kinst.
“Wy prate eins net safolle ôf,” seit Bruinja oan it begjin fan it optreden. Hy lit himsels alle kearen troch it momint ynspirearje en siket út al syn bondels, dy’t efter him op it tafeltsje lizze, in gedicht dat oanslút by wat Zea spilet. De Surinaamske dichter Hein Eersel, chansonnier Jacques Brel, Romeinen (rare jonges), en Tsjêbbe Hettinga komme allegear foarby. Ut it cadavre exquis yn dit alsidige oerke docht bliken dat dizze twa freonen inoar yn poëzij altyd wer witte te finen.
Boarne: https://frieschdagblad.nl/
Wy binne ek kommend wykein op paad. Sneon spylje we yn Makkum (https://cultureelpodiummakkum.nl/?p=968) en snein yn Koarnjum (https://aldefrysketsjerken.nl)